Gerstronaut
as jonkje fan twa
hie ik der gjin wurden foar
it lânskip fan wolken sleatsjes en gers
dat my nei it finsterbank luts

it nûge my út om earne yn op te gean
om earne yn wei te reitsjen
en tagelyk by mysels te bliuwen
it iepene in rûmte yn my

wylst ik op it springkessen
fan ’e wolken stuitere
waard ik ferteld troch wat ik seach
song troch de wyn dy’t it blêd
fan in sulverling omflapte
yn reid en stjonksigaren lispele

ik hoegde it net te betinken

dy wide loft en greide by ús foar hûs
it fan ’e terp ôfrôljen oant alles yn my
draaien bleau by pake en beppe op ’e klaai
de dunen de bosk de weagen om yn te
dûken en út op te dûken
swarte nachten mei spjeldepripkes ljocht
fan fier fuort en lang lyn
alles wat dêrnei kaam dêr’t ik mei de lea
oan dielnaam

it my foar de wyn
en dertsjinyn de boeken
en in takomst yntraapjen

hat it my echt mear leard
as it wurdleaze boerelân
dat my as jongfee
op ’e stâl fan thús achter de ruten
of op ’e rêch yn ’e tún
mei in gerske yn ’e mûle
eachweidzje liet?
Grastronaut
als jongetje van twee
had ik er geen woorden voor
het landschap van wolken slootjes en gras
dat mij naar de vensterbank lokte

het nodigde mij uit om ergens in op te gaan
om ergens in kwijt te raken
en tegelijkertijd bij mijzelf te blijven
het opende een ruimte in mij

terwijl ik op het springkussen
van de wolken stuiterde
werd ik verteld door wat ik zag
gezongen door de wind die het blad
van een zilverpopulier omklapte
in riet en stinksigaren lispelde

ik hoefde het niet te bedenken

die weidse lucht en weilanden voor ons huis
het van de terp afrollen tot alles in mij
bleef draaien bij pake en beppe op de klei
de duinen het bos de golven om in te
duiken en uit op te duiken
zwarte nachten met speldenprikjes licht
van ver weg en lang geleden
alles wat daarna kwam waar ik lijfelijk
aan deelnam

het mij voor de wind
en ertegenin de boeken
en een toekomst intrappen

heeft het mij echt meer geleerd
dan het woordeloze boerenland
dat mij als jongvee
op de stal van thuis achter de ramen
of op de rug in de tuin
met een grasje in de mond
liet kijkgrazen?
Schilderij